Beste Eastereinders,

Vul een doos, help Oekraïne!

De “Net te Dreech groep” fan de Martinitsjerke Easterein freget jimme help / meiwurking om safolle mooglik doazen te fullen mei hâldber iten en oare dingen.

Yn de folder stiet in paklist mei lang hâldbere en hygiënische produkten. We moatte ús hjir oan hâlde, oars mei it net nei de Oekraïne brocht wurde.
Meïnoar wolle we sjen litte wêr ús doarp grut yn wêze kin.

Op freed 8 maart komme we oan’e doar tusken 17.00 – 20.00 oere. Hawwe jimme ús mist dan kinne jimme it op sneon 9 maart tusken 10.00 – 12.00 oere bringe yn de Martinitsjerke.

Kinne we op jim rekkenje?

Mear ynformaasje fia de webside fan de aksje.

De “Net te Dreech” groep:

Nicolette, Marja, Anne Joke, Ytsje, Francisca, Lisette, Jet, Halbe, Tineke, Tettje, Sjieuwke, Ineke, Antsje, Douwe en Sjoukje.