En toen wie it safier, de útfierings fan toanielferiening ‘Fuort mar los’ op 2, 8 en 9 maart. Wat in folle bak! Prachtig dat jimme der allegearre wienen. Oan de reaksjes te hearen hat elts genoaten fan de útfierings.

Fanôf dit plak wolle wy de minsken betankje dy’t dit barren mei mooglik makke ha.

Fansels as earste de spilers. Bedankt foar jimme ynset. Jim ha it super dien!

Dan de frijwilligers, ek jimme bedankt foar de grutte ûntfangst, bou fan it dekôr, ljocht en lûd, ensfh. Ek tank oan Van der Eems. Sy ha de flyers en posters drukt. De prachtige oanklaaiïng fan it toaniel is mei mooglik makke troch de Design-Fabriek út Ljouwert. Tige tank hjirfoar.

Dêrneist ha der in protte stipers de prizen beskikber stelt foar de ferlotting. As tank wolle wy se graach nochris neame:

  • Noflik Easterein
  • Bos Mechanisatie B.V.
  • Autobedrijf Witteveen & Brouwer B.V.
  • Kapsalon ’t Kniplokaeltsje
  • Installatiebedrijf De Jong
  • Leanbedriuw Okkema
  • Int. Handels-&Transportbedrijf Gebr. Vellinga B.V.
  • Café Restaurant ’t Reade Hynder
  • Wheagan Multi Car Service
  • Drogisterij & parfumerie Fizel
  • Jumbo Supermarkt
  • Murk’s Slagerij
  • Tuincentrum De Gaardenier
  • Metzstyle Kapsalon & Visagie
  • De Jong Tweewielers
  • Beauty & Care Amaranthus
  • Posthuma Skilderbedriuw
  • Echte Bakker Posthuma
  • Warenhuis Van der Velde
  • Groencentrum Wytmarsum

Alle priiswinners, fan herte lokwinske mei jimme priis.

Binne jimme entûsjast wurden en wolle jimme ek meispylje, as ha jim in geweldich idee, kom dan nei de jiergearkomste op 17 april yn Noflik Easterein. Stipers, frijwilligers en oare ynteressearen binne ek tige wolkom.

En dan noch ris de folgende oprop:

Toanielferiening ‘Fuort mar los’ wol yn 2013 in jongereinploech opsette! De earste oanmeldings binne al binnen. Dus, bisto 11 jier en âlder en wolst meispylje, lit it ús witte.

Is spyljen neat foar dy, mar wolst yn de jongereinkommisje meitinke en mei organisearje, lit it ús witte. Fansels mei jong en âld har hjir foar oanmelde.

Foar oanmeldings as fierdere ynformaasje kinne jimme in e-mail stjoere nei Halbe Overal: hoveral@home.nl.

Net te lang oer neitinke, gewoan dwaan

Toanielferiening ‘Fuort mar los’: Halbe, Karin, Petra, Paul, Elisabeth en Friek

%d bloggers liken dit: