Op freed 24 novimber organisearret de PKN gemeente Easterein in pubkwis foar jong en âld yn kafe Bergsma.

De fragen hawwe u.o. te krijen mei de bibel en weetjes mei betrekking tot de tsjerke fan Easterein ôfwiksele mei algemiene fragen, puzzels en musyk. De groepkes kinne die jûn ter plekke foarme wurde. Opjefte kin by Gera de Haan en de tagong is fergees