Programma tongersdei 22 juny

8.00 MINI-OPTOCHT.. De bern starte op de Stittenserleane mei in mini-optocht. Mei skelters of rinnende. Betink wat moais wat mei de winter te krijen hat en doch mei! Bern fan groep 1 en 2 meie ek meidwaan mar wol ûnder begelieding fan in folwûksene.

8.00 BUERTFERSIERING. Der is dan ek tiid om by alle strjitten del om te besjen wat men der fan makke hat. De sjuery sil der dan ek by del komme. Sy sille de boel beoordiele op fersie[1]ring. Net op eventuele “ acts”. Net eltse buert hat de gelegenheid dêr ta. Achterop dit boek[1]je fine jimme in ynfolstrookje foar de publykspriis. Fulje it yn en leverje it yn by de bar op tongersdei foar 15.00 oere

Jûns, nei ôfrin fan de boatsje race is de priisutrikking fan de buertfersiering op it fjild by de tinte

9.30 Kofje drinke op it fjild.

10.00 KEATSEN yn in oar (winter) jaske. We keatse dit jier mei sêfte bal en it is oars as oars! Dielname fanôf groep 8.

10.00 FOLLYBAL yn 4-tallen. Krekt as by it keatsen meie de bern fan groep 8 ek mei[1]dwaan. Betink in namme foar jim team en jou jim op.

9.30 Alve stêdenspultsjes foar de bern fan groep 1 en 2

10.30 Alve stêdenspultsjes foar de bern fan groep 3 oan’t en mei 8 op it fjild. En der is in springkessen foar de bern.

11.00 KLAVERJASSEN yn de tinte. Graach opjaan yn’t foar. We gean echt om 11.00 los sadat der trije beamen lein wurde kinne.

13.00 WINTER SPULTSJE-MIDDEI yn de tinte: foar de minsken dy’ t net mear efter in bal oan fleane wolle is der in winter spultsje middei yn de tinte. Rummycub, Scrabble, Alve-Stêden spul en in potsje kaarte. Alles kin. Wy ha spultsjes regele of nim sels wat mei. Opjaan foarof is net nedich. Kom mar gewoan yn de tinte.

 15.00 APRES-SPORT mei Rintje Kas Rintje kinne we fansels noch fan de band Lays. Wat ha se eartiirds de tinte wol op de kop setten! Hjoed komt hy allinnich as troubadour it feestje mei ús bouwen.

17.00 PRIISÚTRIKKING fan alle aktiviteiten yn de tinte. (yn it skoft fan de muzyk)

19.30 BOATSJE-RACE op de Skippersbuorren. We ha in parcours makke oer it wetter en foar de boatsjes is al soarge. Mar jim mei ek jim eigen opblaasbare boatsjes, swimbannen, luchtbêden ensfh mei nimme. Salang it mar sûnder motor is. Foar it moaiste gehiel ha we ek in leuk priiske. Opjaan op sneon 17 juny as op tongersdei te middei oant 16.00 oere by de bar. Maksimaal 2 persoanen per “boat”. Fanôf 12 jier.

22.00 In feestje bouwe mei De Meesters

Programma freed 23 juny

10.00 Kofje drinke en oanslútend MATINEE mei Butterfly

14.00 JEU DE BOULES op de eigen banen

14.00 APRESMATINEE We hawwe wer in geweldich spul foar jim betocht. Opjefte kin op it fjild nei it matinee.

19.30 PUBKWIS : Fansels heart by die lange winterjûnen ek in Pubkwis. Sandra en Alie ha moaie fragen betocht rûnom it tema. Dus kom nei de tinte. Meidwaan kin yn groepkes fan maksimaal 5 persoanen. De ynlis is € 5,- p.p. Der binne wer moaie priizen te winnen.

22.00 Coverband Straight on Stage It komt net faak foar dat we twa jier efter elkoar deselde band ha, mar dizze mannen dienen it ferlyne jier sa geweldich dat we se (op veler ver[1]zoek) mar wer boekt ha. Se komme yn pak! En se nimme ús mei werom nei “ the good old days”. Se gean der plat foar mei in bulte enerzjy. In top band wer’t we if feest knallend mei ofslúte

%d bloggers liken dit: