It programma fan jannewaris oant en mei april fan de Tsjerne is klear. In ferskaat oan aktiviteiten foar jong en âld. Sa sille yn 2016 Johannes Rypma, Jan Nauta en Butterfly optrede yn de Tsjerne, is der wer in skomparty as ôfslúter en fansels is de Tsjerne iepen nei de fjoerwurkshow op âldjiersnacht. Ek is der eltse moanne bernedisco en disco foar de bern fan groep 7 en 8. Ek freedtejûn is de Tsjerne iepen om te darten, te beljerte en om efkes te kaarten. De aktiviteiten binne opnommen yn de doarpsaginda. Jim sjogge wol dat der wér genoch te dwaan is. De muoite wurch om der efkes te sjen