Snein 19 maaie stiet op de keatsagenda wer it pearkekeatsen. By foldwaande dielname wurd der wer keatst yn 4 klassen. By it twatal (1 man en 1 frou) moat minimaal 1 lid weze fan de KF Easterein.
It pearkekeatsen stiet al in moai skoft op de agenda en hjeard hast by de tradysionele partijen fan de KF Easterein. Se ferwachtsje dan ek wer in moai soad pearkes dy’t op 1ste pinksterdei efkes balje wolle. It pearkekeatsen hat wol wat oare rigels als it gewoane keatsen, bygelieks:In 2de fak yn it perk op 5 meter fanof de foarline. Hjir mei allinich de frou ynkomme.De opslach fan in frou mei net yn 1 kear boppeslein wurde troch de man. Oarsom mei wol. De man mei de bal wol slaan dy’t yn it fak fan de frou komt mar hy mei it net betrêdzje.De opjefte is oant freedtejûn en kin fia opjefte@kfeasterein.nl De mail moat wol befestige wurde oars stean jim net op de list.