Nijs

Klaverjassen yn de Tsjerne

Op 11 novimber kin der wér klaverjast wurde yn de Tsjerne. Fan 15.00 oere oant 17.00 oere kinne betûfte as begjinnende klaverjassers harren kaartsje goaie. Opjefte oant 9 novimber allinich as in groepke fan 4 fia info@detsjerne.nl as by Kees 06-20107079. Ek asto it...

Hjerstmearke Wilhelminis ferplaatst nei de Tsjerne

Op freed 2 novimber jout it jeugdkorps de Wilhelmini's in tige nijsgjirrich konsert û.l.f. Joke Krist yn de Tsjerne te Easterein. Der is tageklyk ek bernedisco foar alle bern fan de basisskoalle. It wurd in jûn mei in musicaal ferhaal. Elkenien docht aktief mei oan...

Stern Kok wint Gouden Gurbe foar Jong Talint

Stern Kok - hy wennet yn Itens én yn Easterein - hat in Gouden Gurbe wûn foar syn rol fan Mad Hatter yn it Berne Iepenloftspul 'Alice yn Wûnderlân'. Dy Gouden Gurbe foar Jong Talint wie dit jier ekstra. De sjuery bestie út Cilla Geurtsen (foarsitter), Popke van der...

Ferdivedaasje op freed – fan keallepoat oant oranjekoek

Alwer de twadde Ferdivedaasje op freed yn de bibleteek yn Wommels. Op freed 2 novimber fan 16.00 oant 16.30 oere sil skriuwster Wieke de Haan út Mantgum wat fertelle oer de Fryske koekesoarten: Fan Oranjekoeke oant Keallepoat. De yngrediïnten, de foarm, de smaak,...

Hjerstmearke jeugdkorps Wilhelmini’s

Op freed 2 novimber jout it jeugdkorps de Wilhelmini’s in nijsgjirrich konsert û.l.f. Joke Krist, yn de Túnkeamer fan Noflik te Easterein. It wurdt in jûn mei in muzikaal ferhaal. In lyts stikje fan dit spannende ferhaal kinne jim hjir al lêze. Orkest en de oanwêzigen...

Nachtkuier mei Natoermonuminten

Op sneon 27 oktober organisearret natoermonuminten in nachtkuier. Fanôf de ôfgroeven terp Swyns giest mei de boskwachter fan natoermonuminten troch de greiden en oer de greppels fan it Skrok nei de pleats Sibada State. Dér yn de skuorre en mei in kop hearlijke...

Spûketocht Easterein

LEKKER GRIEZELEN? Kom dan op 17 novimber nei de Spooktocht fan De Tsjerne. Moatst dy wol yn it foar efkes opjaan. Dat kin oant 10 novimber fia info@detsjerne. Kinst dy ynvidueel opjaan, mar ek as groep fan maksimaal 8 persoanen. It is foar elkenien fan ôf groep 7....

Crea café yn Teakjes Túnhûs giet wer los

De aktiviteiten yn Teakjes Túnhûs gean wér los. Op tongersdei 8 novimber wurd der starten mei it Crea Café. Eltsenien dy't graach kreatief dwaande wéze wol is tige wolkom. Do wurkest oan dyn eigen projekt, dat kin breidzjen, quilten, borduren, haken, diamond painting...

Jeugdige winners fiskwedstriid fûgelwacht.

De gemiddelde leeftiid fan de winners fan de fiskwedstriid op snein 30 septimber welke organisearre wa troch de fûgelwacht Easterein wie net heech. Johannes moast de leeftiid wat opkrikke. Hy hie al it 1e ljipaai fan de wacht en no sleepte hy ek noch de priis foar de...

Pipermuntaksje Korps Wilhelmina

Tiisdeitejûn komt it korps Wilhelmine dél mei hearlijke Wilhelminapipermuntsje. Fanôf goed 18.30 Sille de leden troch it doarp om dizze pipermuntsjes oan de man te bringen.

Ek handich

Doarpsaginda

  • 16-02-19 - hele dag - Voorjaarsvakantie BO en VO
  • 24-02-19 - 09:30 - Tsjerketsjinst yn de Martinitsjerke mei ds. S. Ypma, Frentsjer
  • 24-02-19 - 16:00 - Bluescruise Easterein mei "Rightcoast Bluesband"
  • 27-02-19 - hele dag - Grijze container
  • 03-03-19 - 12:15 - Uitslaapdienst, Martinitsjerke
  • 05-03-19 - 14:00 - 60+ yn de Skoalleseize mei Wykagent T. Hoekstra

Ald nijs | Oud nieuws

Doarpskrantsje

Ald nijs | Oud nieuws