(ynstjoerd troch Amarins de Haan)

MutskeEk Doutsje Brouwer en ik hawwe nocht om te nifeljen foar Ruth. As fervent haaksters kamen wy op it idee om poppemûtskes te haken en dizze te ferkeapjen mei Winterwille.
Hawwe jo ek nocht om mei te dwaan? Dat kin! Want it liket ús leuk om in workshop haken te jaan, sadat we mei Winterwille in moaie bulte mûtskes foar de ferkeap hawwe.

Workshop mûtskes hake
De workshop fynt plak op tiisdei 12 novimber fan 19.30 oere oan’t úterlik 22.00 oere.
Oan de hawn fan it oantal dielnimmers – we hoopje eins ek om wat mannelike belangstelling – sille we efkes sjen wêr it plak fine sil.

Kinne jo hielendal net hake, mar liket it jo wol tige nijsgjirrich ta? Wy kinne jo yn ien jûn leare hoe jo in mûtske hake kinne. En kinno jo wol hake, mar liket it jo gesellich ta om mei te dwaan? Dan binne jo fansels ek fan herte wolkom!

Wat moatte jo mei nimme?
Wy wolle jo freegje om sels efkes foar it materiaal te soargjen.
Dit giet dan om in haaknaald nûmmer 2.5 en jern. Tsjinwurdich is dit oerol wol te krijen.
Wy helje sels ús materiaal meastentiids by de Devo yn Snits, en brûke dan jern fan it merk Bravo. Dit is net djoer en bliuwt moai.
Oar jern is fansels ek prima. It is net oan te rieden om katoen te brûken omdat dit tinner is en lang sa waarm net.

Jou jo no op!
Wy hoopje fansels op grutte belangstelling. Jo dogge dochs ek mei?
Stjoer sa gau as mooglik (leafst dizze wike noch) in mailtsje nei Amarins amarinsdehaan@hotmail.com. Skilje mei ek — 06 37 44 56 88

Dan stjoere we dizze nei Stifting Save the Children. Dizze stifting set harren yn foar de takomst fan bern en dogge dit yn sa’n 120 lânen. In mûtske foarkomt ûnderkoeling en kin sa it libben fan in lytse poppe rêde!

We hake der wat moais fan!
Mei in hertlike groetnis fan Doutsje en Amarins

%d bloggers liken dit: