Nei 6 jier hawwe de leden en it bestjoer fan Oranje en Heitelân bestjoerlik ôfskied nommen fan foarsitter Jan Jetze Brouwer. Bestjoerslid Hendrik Sweering die it ôfskiedswurdsje en meldde de oanwézigen dat it nét de maklikste jierren wiene foar de foarsitter en it bestjoer. Sa hiene se te krijen mei 2 feesten die skrast wurde moasten yn ferbân mei corona en ferline jier wa it bestjoer konfrontearre mei it feit dat er gjin fleskes bier levere wurde koene. Jan Jetze krige in moai strjitnammeboerd as kado. Dernei rôp er Marco nei foaren en hjitte Marco wolkom yn de Oranjeferiening en joech Marco de foarsittershammer en it wolbekende klotske.

Fjirdere meidielings by de gearkomst: De feesten binne dit jier op 27 en 28 juny en it thema is “Landen” Op Keningsdei wurde de lannen ferdield ûnder de strjitten en buertferieningen.