(ynstjoerd troch Ruth kommisje)
Op 16, 17 en 18 maaie o.s. sil de musikal Ruth opfierd wurde yn Easterein. Sa’n útfiering hinget in kosteplaatsje oan fansels. Dêrom organisearje wy û.o. in kaarte-aksje. Us haadrolspiler Paul Kool út Kûbaard hat 2 prachtige kaarten makke mei in Eastereiner print.
Kaart A (maat 14 x 14 cm) schilderij in kleur
Kaart B (maat 21 x 10 cm) pentekening zwart/wit
Trije fan dizze prachtige kaarten mei enveloppen(sawol A as B), kostje 5 euro.
Jo kin dizze kaarten bestelle troch in mail te stjoeren nei rolandensaskia@gmail.com (ûnderfermelding fan namme, adres, aantal kaarten A of B) of skilje nei 336810 (Saskia Bloemhof-Abma).
Bestelle kin oant 23 febrewaris. De kaarten wurde yn ‘e wike fan 24 febrewaris drukt, sadat jo se úterlik de earste wike fan maart krije kinne.