Foar it 75 jierrich jubileum fan Oranje en Heitelân binne noch wy steeds op syk nei foto’s en filmkes fan de feesten. It is de bedoeling dat we tiidens dfotokommisjee kommende feesten fan alles sjen litte kinne oer de ôfruone 75 jier. Alles is wolkom!

Wy kinne it ús betinke dat jimme súnich binne op de foto’s as filmkes dy’t jimme ha, derom binne der ferskate mogelikheden omtrent it ynleverjen fan it materiaal.

 

Digitaal : It leaust ha wy alles digitaal oanlevere foarsjoen fan it jiertal wennear de ôfbielding  plak fuon hat. Dit kin oanlevere wurde op cd as usb stik, mar it mei ek rjochtstreeks nei oranjeenheitelan@gmail.com stjoerd wurde (mits it om in pear foto’s giet).

Scanne: Wennear’t jimme de foto’s sels net scanne kinne, wol Klaas Kamstra dit graag dwaan, sadat jo sels de originele foto’s fuort werom krye kinne.

tip: de resolutie fan de foto’s moat net te leech wêze oars wurdt de ôfdruk net skerp. As je in foto scanne set dan de resolutie op 300 dpi. Bestandstype JPEG (.jpg)

Filmkes : Filmkes kinne ek by Klaas Kamstra ynlevere wurde, hy set se fuort oer op dvd as wat dan ek, en ek dan krye jo fuort it originele materiaal werom.

Set derom wol oeral jimme namme by, ek wy wolle alles wer goed werom jaan!

Dus haw je noch leuke foto’s fan de doarpsfeesten nim op wat foar manier dan ek kontakt mei ús op! Graag ynleverje foar 15 Maaie!!

 

We ha in protte leuke ideeën en hoopje dat mei de feesten sjen te litte kinne.

Foar fragen kinne jimme altiid ien fan de ûndersteande minsken oansjitte.

 

Groetnis fan de Fotokommisje O&H 75 jier:

Yvonne van Beem, Koaifinne 14,  tel; 331492

Elisabeth Breeuwsma, Foarbuorren 4, tel; 331832

Klaas Kamstra, Foarbuorren 21, tel; 332670

Halbe Overal,  De Streek 22, tel; 332011

flyer fotokommisje