Op snein 3 oktober organisearret de Fûgelwacht Easterein wér harren fiskwedstriid foar jonge en âlde Eastereiners op de Skippersbuorren. Fanôf 14.30 oant 16.00 oere kin der striden wurde foar de grutste en de measte fisk. Nei ôfrin hat Gep de rikke iel klear. De rikke iel is foar eltsenien te keap en de opbrings fan de rikke iel giet nei de Fûgelwacht. Eltsenien die meidwaan wol oan de fiskwedstriid moat om 14.15 oanwézich wéze en in emmer meinimme foar de fongen fisk. At de fisk mjitten is wurde se wér fry litten.

%d bloggers liken dit: