Sa is it team fan Durk-Jorrit van der Eems 1ste wurden yn de Schuttevaerrace. Tidens de Schuttefaerrace moat in team per boat syle, drave en fietse. Der wurd starten yn Stavoren en dan giet it fia Koarnwerdersan nei Texel wér de fietsers fan board gean om 60 km te fietse. Dan op nei Flylân wér de dravers harren best dogge om sa snel moglik 18 km te draven. Dan nei Harns foar de 2de tiidrit fan 69 km. Fan Harns wér nei Skylge foar it 2de looptraject fan 12 km. At de dravers wer oan boord binne sa rap moglik nei Koarnwerdersân werom nei Stavoren. It team fan Durk-Jorrit bestiet út de silers Durk-Jorrit, René Krijnsen en Koen Vreeling, hurddraver Tiedo Tinga en fietser Marcel Boonstra.

naamloos

En fansels ús korps Wilhelmina û.l.f. Pieter Bosma dy’t dit weekein 1ste wurden is op it grutte muzykfestival op Skiermûnseach. Foar de fertolking fan Pentagram fan Johan de Meij krige Wilhelmina 87 punten. Dat wie it heegste oantal punten fan de 27 dielnimmende orkesten oan dit festifal. Yn april wie Wilhelmina al Nederlânsk kampioen wurden yn Drachten

wilhelminaeasterein-1024x768

 

%d bloggers liken dit: