Fanôf freed 22 april is  www.easterein.argyf.nl  “live”. It begjin fan it doarpsargyf fan Easterein kin dan besjoen wurde. De útbou folget en ek de ynteraksje kin begjinne, want elk kin der oan meiwurkje.

It Doarpsbelang Easterein hat it inisjatyf naam foar it opsetten fan it digitaal doarpsargyf. Neist tagonklikheid is it doel it byinoar bringen- en feilich stellen fan besteand- en takomstich argyfmateriaal. It argyf is twatalich fan opset, yn it Frysk en Nederlânsk.

Easterein hat fanút it ferline in ryk ferskaat oan ferienings- en doarpslibben op geastlik-, sosjaal-, en ekonomysk flak.  It doarp is der tige wiis mei dat safolle Eastereiners en âld-Eastereiners it belang fan it fêstlizzen en beskriuwen fan de skiednis ûnderkend ha, en der wurk fan makke ha. Yn boeken, publikaasjes en yn it bewarjen fan oantekens.

Troch it opsetten fan in digitaal doarpsargyf kinne alle ynwenners, âld-Eastereiners en belangstellenden, wer ’t men ek wennet, op in hjoeddeiske en noflike wize tagong krije ta de skiednis fan it doarp en alles wat der mei anneks is.

De Eastereiner skiednis giet alle dagen fierder en is de muoite wurdich om fêst te lizzen, trochferteld, besjoen, beharke en lêzen te wurden. De opslach hjirfan yn de wolken (“cloud”) biedt nije mooglikheden en romte. Stap foar stap bout de  kommisje Doarpsargyf oan de útbou fan it argyf. Troch de digitale opset wurdt it hiele doarp derby belutsen.

De internet technyk wurdt fersoarge troch it Jouster bedriuw DeeEnAa, fan Bauke Folkertsma. Dit bedriuw hat al in protte ûnderfining mei ûnder oaren de Dorpscanons, en is thús yn de wrâld fan erfgoed ynformaasje.

Ut namme fan de kommisje Doarpsargyf Easterein,

Berend Santema, foarsitter

Foar mear ynformaasje 06 57567605