Fanfare Wilhelmina Easterein noeget eltsenien út foar in Midsimmernacht Cruise op sneon 1 july 2023.
It ‘cruiseskip’ leit klear tsjinoer sporthal De Greidhoeke yn Easterein. Ynchecke kin fanôf 20.30 oere. By de gate sil in gelegenheidsorkest jo wolkom hjitte.
Ien kear oan board ferkenne jo fansels it skip, sykje in noflik plakje oan it dek en bestelle alfêst in drankje oan de bar. De trossen gean los om 21.00 oere.
Mei live muzyk en sang, enthousiaste reisbegelieding, animaasje en de ûndergeande sinne op it dek, meitsje wy der in ûnferjittelike jûn fan.
Datum: sneon 1 july 2023
Ynchecken fanôf 20.30 uur – Trossen los om 21.00 oere
Lokaasje: Multifunctionele terrein – Sporthal De Greidhoeke Easterein
De bar (yn gearwurking mei Sporthal/Sportkafé De Greidhoeke Easterein) is iepen tidens de hiele reis. Drankjes binne foar eigen rekken.
Oan it ein fan de jûn is it mooglik om in bijdrage te dwaan yn de reiskosten troch in donaasje yn de kapitein syn pet.