Jaap en Sandra binne de eigeners fan de Fabriek yn Ljouwert. De Fabriek, yn maart noch winner wurden fan de ûndernimmerspriis DE HET 2015, wurd op 9 oktober offisjeel iepene troch wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert. Tevens is dat de start fan de dolle Fabrieksdagen. Dernei is eltsenien wolkom foar in freedtemiddeislokje as in bakje kofje yn it eetkafee. Op de dolle Fabrieksdagen is fan alles te dwaan u.o. moetings mei de bedrieuwen yn de Fabriek, iepening fan de nije keunstútlien, do kist dy fergees ynskrieuwe litte by in modellenburo, Fred Scheltema sil ferhalen fertelle oer syn ûnderfinnings yn de finzenis, diverse sportdemo’s, TRX en persoanlike training, Workshops fjoerrinne, longboardkliniks ensh. Elst is wolkom