BIS hat dit jier in film makke! Wat in jubileum yn 2020 wurde moast, slagge troch Koroana net. Mar BIS (berneiepenloftspul) is BIS net as it net yn mooglikheden tinkt en dat hat foar dit bysûndere jier laat ta it meitsjen fan in echte film: BIS Corp. 9021. De filmfoarstellingen binne yn de Tysker yn Easterwierrum, op 30 septimber, 1, 2, 3 en 4 oktober. De kaarten foar de allerearste BIS film en tagelyk de 30e foarstelling fan it berneiepenloftspul binne no te bestellen fia www.berneiepenloftspul.nl of troch it stjoeren fan in mail nei bis.kaartferkeap@gmail.com.

Yntree: Bern en folwoeksenen € 13,00; dit is ynklusyf it programmaboekje en 2 konsumpsjes.

Fanôf 25 september feroaret de rigeljouwing oangeande Koroana. Der is dan allinnich  tagong mooglik mei in “coronatoegangsbewijs” foar eltsenien fanôf 13 jier. Fanôf 14 jier moat ek it identiteitsbewijs der by toant wurde.

Dizze fersoepeling  jout it Berneiepenloftspul de kâns om mear minsken ta te litten.

It hâld dus yn dat je in “coronatoegangsbewijs” fia de CoronaCheck-app hawwe moatte, njonken it reguliere tagongsbewiis.

Der kinne no 200 besikers yn de seal. At dat oantal berikt is, komme jo op de reservelist. Dus bestel op tiid om wis te wêzen fan in plakje.

Mis it net! 

%d bloggers liken dit: