Bestuur

Het bestuur van Doarpsbelang Hâld Faesje bestaat uit Hendrik Okkema, Marcel Janssen, Greet Jorritsma, Silvia Hania, Grietje Jorritsma, Akke de Boer en Jan-Jetze Brouwer. Wilt u meer weten over de bestuursleden? Ze introduceren zichzelf!

Marcel Janssen

Sinds oktober 2007 inwoner van Easterein. Geboren in Limburg, opgegroeid in Brabant en de laatste 20 jaar in Twente, Groningen en Drenthe woonachtig geweeest. Wegens een baan in 2005 bij Lankhorst in Sneek besloten om de verhuisdozen wederom in te pakken en met vrouw Francisca en de zonen Marc, Niels en Thijs naar het heitelân van vrouwlief te verhuizen. Hoe dan beland in Easterein? Na 6 jaar in Erica gewoond te hebben, was de voorkeur om in een dorp te blijven wonen. Graag op fietsafstand van Sneek (niet dat dit veel gebeurt) en een woning met vijf slaapkamers. Na een maand of wat zoeken was de uiteindelijke woning aan De Singel de enige die aan onze eisen voldeed en daarom Easterein. Een goede keus. Een actief dorp en een wijk waar de kinderen en wij helemaal onze draai gevonden hebben. Dan wil je dat dit ook zo blijft en als dan iemand van Hâld Faesje langskomt of je in het bestuur wilt plaats nemen om de dorpsbelangen te behartigen, kun je natuurlijk geen nee zeggen.

Silvia Hania

In ymport Eastereiner sûnt 2004, mei partner Jan-Rinse en dochter Anke (2006). Yn it deistich libben bin ik kommunikaasjeadviseur. Ut myn eigen bedriuw wei doch ik in soad ynterimwurk yn de provinsje Fryslân en somtiden dêr bûten. Ik wurkje in protte foar oerheden en dy erfaring kin ik moai mei nimme yn myn wurk foar doarpsbelang. Easterein is in aktyf en libben doarp. Bygelyks troch in ryk ferieningslibben. Yn tiden dat tema’s as krimp en skaalfergrutting aktueel binne, fyn ik it wichtich dat it doarp ek libben en aktyf bliuwt. En dêr hoopje ik mei myn sit yn it bestjoer fan Hâld Faesje ek in lytse bydrage oan te leverjen.

Grietje Jorritsma-Strikwerda

Ik bin berne yn Easterein, bin troud en ha trije dochters. Sa’n trije jier ha ik yn Wommels wenne, mar sûnt 1991 wenje wij mei in soad nocht wer yn Easterein. Ik wurkje in pear dagen yn de wike as hooradviseur bij Beter Horen yn Snits.   Sûnt 2006 meitsje ik diel út fan it bestjoer fan Doarpsbelang.  Myn funksje is notuliste en derneist  meitsje  ik namens Doarpsbelang diel ut fan de Sinteklaaskommisje.  Easterein is in doarp om grutsk op te wêzen, in leefber doarp en dat moat sa bliuwe. Meielkoar as bestjoer prebearje wij dêr in positieve bijdrage oan te leverjen.

Greet Jorritsma

Ik bin Greet Jorritsma en bin opgroeid yn  Waaksens,  sûnt 1995 wenje ik mei Tom Couperus op it bedriuwsterrein fan Easterein en it befalt ús hjir goed. We ha trije bern, Jelmer, Machtelt en Jildou. Yn it deistich libben sit ik by  ús bedriuw, Couperus Hydrauliek,  op kantoar, ik fersoargje hjir de administraasje. Doe’t se my yn 2009 freegen om it sekretariaat te fersoargjen foar doarpsbelang stie ik hjir positief tsjinoer. Je binne sa belutsen by it doarp en je doche wat foar de mienskip.

Neist doarpsbelang meitsje ik op dit momint noch diel út fan’e skoallekommisje en sit ik yn de sinteklaaskommisje. De  ferienings yn’e doarpen draaie op frijwilligers, as elkenien no wat docht, dan kinne je mei syn allen it doarp leefber hâlde. Ik hoopje dat ik hjir mei de oare bestjoersleden in bydrage oan jaan kin sadat Easterein in leefber en aktyf doarp bliuwt.

Jan Jetze Brouwer

Ik bin Jan Jetze Brouwer. Berne yn Easterein en wenje der noch steeds tegearre mei myn freondin  Yvonne,  soan Jelmer en dochter Rixt. Foar myn wurk doch ik de planning by drukkerij Van der Eems (ek yn Easterein). Fjirders is myn grutste hobby gitaar spylje en ik doch dat by de (Eastereinder) bands Special Treatment en Sebeare.  Sûnt 2012 sit ik dus no ek yn it doarpsbelang en hoopje my hjir de kommende jierren nuttich te meitsjen.

Akke de Boer-Tiemersma

Ik bin berne yn Spannum en troud mei Jelle de Boer. Wy ha earst op de Sinteklazepleats by Iens wenne en binne yn 1987 ferhúze nei Skrok, Sebeare-ein by Easterein. Wy ha fiif bern: Matzen, Ids, Neeltje, Jan en Grytsje. Ik wurkje in pear dagen yn ‘e wike by bakkerij Posthuma yn Wommels, administratie, distributie en ynpakke. Fierder spylje ik mei in protte nocht alt-sax by Oranje, Spannum. Ek lêze, rinne en  yn’e tún mei ik graach dwaan. Foarige simmer is my frege om sit te nimmen yn’t doarpsbelang en der bin ik op yngongen, sa draach je je stientsje wer by oan it frijwilligerswurk yn Easterein.

Hendrik Okkema

Hendrik Okkema hat al in moai tal jierren ûnderfining yn it bestjoer fan doarpsbelang. Hendrik is hikke en tein yn Easterein en -mei syn broer- de baas by Leanbedriuw Okkema.

1 Reactie

  1. Marten Faber

    Goeie doarspbelang,

    Wy binne ús al in tiidsje oan it oriënteren foar in oare wennening, mar it oanbod is minimaal. It letste plan qua nijbouw sit ek fol spitichgenôch. No is ús fraach, kinne jimme ús ek sizze as der plannen/mogelikheden binne foar nijbouw yn Easterein?

    As hjir ûntwikkelingen yn binne/komme hjer ik dit graach.

    Alfêst dank.

    Groetnis,
    Marten Faber

    Antwoord

Reactie verzenden

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.