We wolle jo freegje om it âld izer op 16 oktober de moarns om 9 oere sels by de dyk te setten fanwege rôf. Slagget dat net of wolle jo it earder kwyt? Skilje efkes mei Tineke Meijer op 06-4240 9757. Dan komme we by jo thús mei in pear spierballen.

Hast alles kin der yn. Allinnich waskmachines, droegers en oare grutte machines binne net wolkom. Kompters, kabels, pannen en akku’s binne allegear wolkom.