Doarpsgenoaten, freonen en famylje, miskien sels minsken fan fierder wei. Sa at inkelen ûnder jim al witte hat it korps beslúten út te naaien mei it âld papier opheljen. Nei 52 jier trouwe tsjinst mei trekker en wein elts hûs lâns gean, is dizze beslissing fallen opdat de âld papier priis sa bot daalt wie dat wy jild talizze moasten om it ophelje te kinnen. En spitigernôch – hoe moai tradysjes ek binne – kinne we dat fansels net dwaan.

Ald izer ynsammelje

It korps koe it mar lestich gean litte en kaam mei in nij idee: Wat at we no ris wat oars gean opheljen as papier? No like ús it beste idee om goud en sulver op te heljen en yn te sammeljen, mar we kamen der al gau achter dat de measte minsken dat net kwyt wolle. It beslút foel dernei al gau op âld izer. We binne fan plan om jierliks in ynsammeling te dwaan. Dit jier is it op sneon 16 oktober. 

Wat mei wol én net ynlevere wurde by it âld izer?

Krekt as mei it âld papier sille we mei twa trekkers mei wein oeral lâns. Skroat, stiel, izer, aluminium, brûns, koper, messing, RVS, lead en sink binne allegearre wolkom. Ek leadakku’s, kabels en elektroanyske apparatuur is wolkom. It ienniche wat der net by mei binne droegers, waskmasines ensa. We wolle jo freegje om it âld izer op 16 oktober de moarns om 9 oere sels by de dyk te setten fanwege rôf. Slagget dat net of wolle jo it earder kwyt? Skilje efkes mei Tineke Meijer op 06-4240 9757. Dan komme we by jo thús mei in pear spierballen.

Kontainer stiet op 16 oktober op de Fabrykswei

Ek komt der wer in kontainer te stean op’e Fabrykswei wer skroat en oar âld izer nei ta brocht wurde kin. Alfêst bedankt en oan’t dan! Natuerlik litte we ek oan jimme witte wat it opbrocht hat yn it folgjende krantsje.