Bêste minsken,

Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.

De gearkomste sil digitaal (fia Microsoft Teams) plakfine op woansdei 19 maaie 2021 om 20.00 oere.

Oanmelde foar de gearkomste kin by Dirk-Yde oant úterlik freed 14 maaie: foarsitter@kfeasterein.nl. Jim krije dan fantefoaren in link fia de mail tastjoerd.

Wurklist

  1. Iepening

2.   Meidielings en ynkommen stikken

3. Oantekens fan de ledegearkomste op 11 maart 2020

4. Finansjeel ferslach:

  • rekken 2020
  • begrutting 2021

5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid

6. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:                                                

  • ôfskied kommisjeleden   
  • fakatueres: stân fan saken
  • punten fanút foarjiersgearkomste Federaasje Snits e.o.
  • fusy jongereinkommisje en technyske kommisje
  • takomst Jong-Feinte Partij

7.   Skoft

8. Bestjoersferkiezing:

  •   Oftredend      Wilma Sjaarda, skriuwer
  •   Foardracht    Hester Minks
  •   Oftredend      Ids de Boer, fjilden- en materialen
  •   Foardracht    Sjouke Schilstra
  •   Oftredend      René Rijpma, ponghâlder
  •   Foardracht    Ids de Boer
  •   Oftredend      Danny Roos, foarsitter jongereinkommisje
  •   Foardracht    gjin
  •   Oftredend      Wiepkje Sijbesma, algemien bestjoerslid
  •   Foardracht    Dieuwke Kooistra

9.   Stikken KNKB-gearkomste op 20 maaie

10.  Wedstriidaginda 2021

11.  Omfreegjen

12.   Sluting

Download de wurklist

Graach oant sjen op 19 maaie!

Bestjoer Keatsferiening Easterein