Brent Overal hat sneintemiddei 28 maart om 12.30 oere it 1e jeugdaaike fan de Fûgelwacht Easterein fûn. Hy wie mei syn suske Lotte oan it sykjen yn de jeugdkrite by boer Bonnema op Meilahuzen. Yn it nestke leine 4 aaikes. Dizze wike sil jeugdfoarsitter Doede nei de légere skoalle ta om Brent de beker te oerlange. Mei it fynen fan dit jeugdaaike is it frije fjild fan Rayon Easterein slúten en begjint de neisoarch. Wost ek mei yn de neisoarch mei in betûft aaisyker? Op moandeitejûn om 18.15 sammelje op de Sjaardaleane foar de earste massaslach/neisoargjûn fan dit seizoen.