Op 1 jannewaris 2021 sil Jan Keuning, de directeur fan de basisskoalle de Foareker mei pensioen. It team hat yn gearwurking mei it bestjoer socht nei in ferfanger en dat wurd mevr. Lineke Bakker. Mevr. Bakker is al in skoft direkteur by de stifting. Sa hat se directeur wést op de basisskoalle yn Hilaard en is se noch directeur op de basisskoalle yn Eksmoarre. Se giet fanôf 1 jannewaris 2021 beide skoallen liede en wurdt de kommende wiken ynwurke.

%d bloggers liken dit: