Lykas de ôfrûne jierren soe SDS yn april los mei de SDS-dropaksje. De ‘Korona’ soarge der allinnich foar dat dit net trochgean koe……… De dropkes wienen allinnich al helle en nei in heal jier yn de bestjoerskeamer binne se wol oan jim mûlen ta. De dropkes binne sawisa noch goed oant desimber, dus dat moat kinne. Sa ’t elk neidiel syn foardiel hat is dat yn dit gefal ek sa. In pûde drop kostet dit kear gjin €2,50, mar €2,-. De SDS-jeugd komt by de doaren del mei de SDS-drop, mar jim kinne it sneon ek yn de bestjoerskeamer keapje. ‘Grutte’ bestelingen meie dien wurde fia info@vv-sds.nl en dan komme wy it ek noch bringen.

Bron: vvSDS.nl

%d bloggers liken dit: