It kabinet hat oanjûn dat we fanôf 11 maaie 2020 wer traine meie. Omdat it kompetysjekeatsen noch net tastien is wolle wy yn plak dêrfan jimme fia dizze wei útnoegje foar fjildtrainings fanôf tongersdei 14 maaie 2020. De trainings sille plakfine fan 19:30 oere oant 20:30 oere, ûnder lieding fan trainingskoppel Dirk-Yde Sjaarda en Imke van der Leest.

Fanwege dizze bysûndere tiid binne ek net-leden fan herte wolkom op de trainings. Boppedat binne de trainings hielendal fergees.

Opjaan kin fia ús nije saneamde WhatsApp-opjefte-app. Mochten jimme noch net yn dizze groepsapp sitte dan kinne jim jimme 06 nûmer trochjaan oan: sekretariaat@kfeasterein.nl. Jim wurde dan taheakke oan de groep.

Opjaan kin eltse wike oant tiisdei 20:00 oere

Fanwege de Corona-maatregels moatte de folgende saken yn acht nommen wurde:

  • Foar alles jildt: sûn ferstân brûke stiet foarop!
  • De trainings wurde sa ynrjochte dat de 1,5 meter ôfstan hantearre wurde kin
  • Hâld de algemiene maatregels fan it NOC*NSF yn acht
  • De Skoalleseize is ticht, dus der binne gjin fasiliteiten

Foar fragen kinne jimme kontakt opnimme mei Jan Schurer fia training@kfeasterein.nl

We hoopje jimme allegear te sjen op it keatsfjild. Mei syn allen kinne we der noch in moaie keatstiid fan meitsje!

%d bloggers liken dit: