Toanielferieniging Fuort Mar Los spilet ‘De kat yn de kelder’ yn restaurant Bergsma op 28 en 29 febrewaris om 20.00 oere.

Majoar Evaris Tanghe lit, bot tsjin de sin fan syn ‘soere’ suster Serafine, de kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hûs wenje, yn ôfwachting fan in sosjaal appartemint. De famylje De Kat, dy’t bestiet út heit Felix, mem Sylvia, dochter Kim en beppe Madeleine lûkt ynearsten mei tsjinsin by de majoar yn, mar dat slacht hielendal om as bliken docht dat it hûs fan de majoar neist in bankgebou stiet. Felix sjocht ynienen allegearre mooglikheden….

%d bloggers liken dit: