Fanfare Wilhelmina út Easterein fersoarget op snein 12 jannewaris tegearre mei jeugdorkest de Wilhelmini’s in Magysk Nijjierskonsert yn Bergsma Easterein. In konsert foar de hiele famylje om it nije jier mei in bytsje magy te begjinnen.

Tidens it konsert kin it publyk genietsje fan muzyk dy’t oanslút by it tema. Dit sil û.o. filmmuzyk fan Harry Potter, muzyk út de musical The Wiz en in prachtich fanfarewurk oer in hekse en in hillige wêze. Ha jo it sukses fan de Wilhelmini’s mei Easterein Rocks mist? Dan meie jo dit konsert seker net oerslaan. De Wilhelmini’s spylje de twa suksesnûmers fan dizze jûn. Sa as I will Survive. Ek snein dogge se dit tegearre mei Esmee Metz (sang), Rixt Brouwer op toetsen en Jan Jetze Brouwer op basgitaar.   

Der is bewust keazen foar in koart programma, sadat der nei ôfrin ek tiid is om te proasten op it nije jier! It konsert begjint om 16.00 oere en de yntree is fergees. Nei ôfrin is der gelegenheid om in donaasje yn ‘de hege hoed’ te dwaan.

%d bloggers liken dit: