Eltse 2e snein yn desimber wurdt Wrâldljochtsjesdei  hâlden.

 Op dizze dei, om 19.00 oere, stekke minsken oer de hiele wrâld in kears oan om ferstoarne bern (jong en âld) te betinken. De wrâld wurdt sa letterlik efkes wat ljochter foar minsken dy’t in bern, broerke as suske ferlern ha. .

Dit jier wurdt dizze Wrâldljochtsjesdei hâlden op 8 desimber. Ek yn Easterein komme we byinoar om 19.00 uur  yn de Martinitsjerke om  kearskes oan te stekken en stil te stean by alle ferstoarne bern.Yn dizze byienkomst  sil der romte wêze foar sprutsen  wurden, gedichten en muzyk. Nei ôfrin is der gelegenheid om even op te waarmjen en nei te praten mei in kopke kofje as tee. 

It is ek mooglik om sels in bydrage te leverjen yn de foarm fan in liet, gedicht of in persoanlik ferhaal. Dat kinne jo oanjaan by Folkje Visser O515-332269 of folkje1956@hotmail.com

 Fanôf 18.30 is de tsjerke iepen.

%d bloggers liken dit: