De 10e edysje fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai is fantastysk ferrûn! De organisaasje ferrûn sa soepel as wat. Alle teams op tiid klear foar de folgjende wedstriid, in soad wille, alle útslachbriefkes waarden kreas by de wedstriidlieding brocht.

De jûn begûn mei in stikje gebak fan de kommisje foar alle dielnimmers om it 10-jierrich bestean te fieren. Der diene wer 18 teams mei en de striid wie tige sportyf, gesellich, fanatyk en blier yn it spier yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. En nei ôfrin koe elk genietsje fan de hearlike hapkes fan Titus út namme fan Sportkafee De Greidhoeke!

Dizze edysje waard mei mooglik makke troch Rabobank Sneek Zuid-West Friesland, Snits, Grafische Groep vd Eems, Couperus Hydrauliek, Altac, allegearre Easterein, Berbos, Boubedriuw Bootsma, Turns, Koning Installatietechniek, Itens, ING Donatiefonds.

Yn poule A gie de winst nei Rabobank en hja mochten de prachtige pakketten fan DA-Fizel, Wommels yn ûntfangst nimme nei in spannende striid mei Agri Team dy 2e waard. Plakken 3-6 wiene foar VC Itens eo, SportKafee Titus 6 bier, KF Easterein & DA-Fizel.

Topteam Agrarische Verzekeringen gie der yn poule B fan troch mei de bonnen fan Bergsma Restaurant & Partycentrum, Easterein. Ek hjir de striid spannend mei nûmer 2, v.v. SDS. Op 3-6 einigen Leanbedriuw Okkema 1, Boubedriuw Bootsma Turns 1, Elephant-Vellinga en Túnoanlis Bonnema.

It team dêr’t ien fan de spilers in blessuere oprûn wist dochs poule C te winnen, Dreamteam Bergstra en hja krigen de pakketten fan Bakkerij Posthuma, Wommels. Ek hjir wie it spanning mei de nûmer 2, COOP Tolsma, dy’t de lêste wedstriid fan de Bergstra’s ferlear. Op de plakken 3-6: Jumbo Supermarkten,Black Ladies, Leanbedriuw Okkema 2 en de oanmoedingspriis wie foar Boubedriuw Bootsma Turns dy’t untank trainingen dochs lêste waard.

In moaie, sportive en gesellige jûn yn Easterein! Tige tank foar jimme dielnimmen en oant takom jier! Set de datum yn de aginda: 20 as 27-11-2020!

%d bloggers liken dit: