Op freedtemiddei 8 november hat Tjitske Joustra meidien oan de foarronde fan de Fryske foardrachtwedstriid FeRstival yn de Stolp yn Snits. Tjitske hat it gedicht “Oerspand” fan Berber Spliethoff foardroegen. De sjuery foar de earsteklassers mavo fûn dat Tjitske it as ien-nei-bêste die. Sy mei dêrom op 14 desimber meidwaan oan de finale op It Hearrenfean. Op dy sneontemiddei komme de bêste kandidaten út hiel Fryslân byinoar yn it Posthústeater om foar it Fryske kampioenskip te striden.

%d bloggers liken dit: