De tiid hâldt gjin skoft!

Freed 22 novimber 2019 is it ta oan de TSIENDE edysje fan it (Foarhinne) Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai!

We hawwe dizze edysje 18 teams ree fûn om de sportive, ûntspannende en ynspannende striid oan te gean mei oare leafhawwers barren! We begjinne 22-11-2019 om 19.00 oere!

Deselde groep entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten fan de Gemeente Littenseradiel dy dit toernoai, ûnder de flagge fan follybalferiening COVOS Easterein, opsetten ha, steane wer klear om jimme te ûntfangen!

Doel is om mei in sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfolling oan dizze jûn te jaan. Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’.

Kom op 22 NOVIMBER 2019 nei Sporthal De Greidhoeke yn Easterein en genietsje fan de wille fan de dielnimmers oan it LKBFT!

De Kommisje

Twitter: @covoseasterein (#lkbft)

%d bloggers liken dit: