1. Algemien ‘parseberjocht’
  2. Ynformaasje foar de Agenda rubryk

Rijksbouwmeester van Alkemade:
‘De stad kan niet bestaan zonder het ommeland’.

Ynstjoerd nei info@easterein.nl

Van Alkemade sprekt woansdei 27 novimber jûn 19.30 oere by de iepenbiere temajûn yn it Dielshús fan Wommels. It giet dan ûnder oare oer de ynrjochting fan ús lânskip en gebrûk fan ús grûn.

Rijksbouwmeester Floris van Alkemade is bekend fan de ‘New Deal tusken Boeren en Mienskip’. Hy nimt dêrby in earlik ynkommen foar boeren, in sûne boaiem en in oantreklik lânskip as útgongspunt.

De twadde sprekker is Theo Mulder. Syn boadskip is ‘Boerderijen binne de apoteken fan de takomst’. Hy leit ek de relaasje tusken sûne grûn, sûn iten en de sûnens fan minsk, plant en bist.

Nei beide sprekkers is der diskusje en kinne der fragen steld wurde oan in foarum dat foarme wurdt troch beide sprekkers en arzitekt Nynke Rixt Jukema ek bekend fan it projekt ‘Feel the Night’. Gerben Gerbrandy, ûnder oare 1e Keamerlid en bestjoerfoarsitter fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, is gesprekslieder.

De Temajûn begjint om 19.30 oere. De organisaasje is yn hannen fan FNP Súdwest-Fryslân.

Foar de Agendarubryk:

Temajûn ‘New deal tusken Boeren en Mienskip’.

Woansdei 27 novimber 2019 | 19.30 oere

Dielshús Wommels

Eltsenien is wolkom

%d bloggers liken dit: