Op sneon 5 oktober hâlde wy foar de jeugdleden fan 6 muzykferienings út âld-Littenseradiel in Play Inn yn it doarpshús fan Weidum. Rom 40 (jeugd)muzikanten hawwe harren oanmelden. Dus it belooft in geweldige middei en jûn te wurden!

Komme jo ek lústerjen hoe goed dit gelegenheidsorkest yn ien middei leuke/toffe muzyk ynstudearret mei elkoar? Jo binne fan herte wolkom!

Konsert foar eltsenien!

Starttiid:                 18.30 oere

Eintiid:                    úterlik 19.30 oere

Lokaasje:                doarpshús Weidum

Adres:                    Bornialeane 1 yn Weidum

De muzikale leiding is in hannen fan Menno Haantjes (Easterwierrum) en Joke Krist (Easterein).

Muzikale groetnis fan seis muzykferienings út âld-Littenseradiel,


Euphonia Wommels, Oranje Spannum, Ons Ideaal Easterwierrum, Harmonie Weidum, Concordia Wjelsryp en Wilhelmina Easterein.

%d bloggers liken dit: