Yn Easterein wurde brieven besoarge mei de oprop om je oan te melden foar de buurtapp Nextdoor Easterein. It is in persoanlik inisjatyf fan in nije doarpsbewenner. Doarpsbelang is der net by belutsen.

Wy ha us lykwols al efkes oriënteert op deze app. En it docht bliken dat der behoarlik foar warskôge wurdt om der oan mei te dwaan. Ek troch de plysje! It is net feilich û.o. wurdt identiteitsfraude beneamd. Sjoch self mar efkes op Google. It belied fan Hald Faesje is dat it oan de buurt is om in buurt-app al of net te organisearjen. Yn de nijbou is al in whattsapp aktyf. Ha jim ek belangstelling nim dan earst efkes mei deze buert kontakt op foar ynfo en erfarings. 

%d bloggers liken dit: