Op snein 29 septimber organisearret de fûgelwacht Easterein har jierlijkse fiskwedstriid op de Skippersbuorren. Fanôf 14.30 kin eltsenien, jong en âld har bést dwaan om foar de measte en/of grutste fisk te striden. Nei de fiskwedstriid sil de foarsitter ûnder it genot fan in hapke en in drankje de prizen útrikkje oan de winners. Utrikke sille dan ek ús rikkers wéze want de fûgelwacht sil dit jier makreel en iel rikke foar de ferkeap.

%d bloggers liken dit: