Dit jier bestiet Zwembad De Klomp 45 jier. Dat fynt it swimbad wol in feestje wurdich! Fan freed 5 oant en mei snein 7 july is it jubileum feestwykein.

It programma

Mei op freedtejûn diskoswimmen troch DJ Tom Wijna & Friends en in grutte stoarmbaan op it gêrs. Sneon earst wetterrinballen en stoarmbaan yn beide swimbaden. Fan 17.00 oere ôf is der dan live muzyk fan it duo It Takes Two (Jan Jetze Brouwer en Sandra Bijlsma). Dêrby in hapke en in drankje fan It Dielshûs en patat, snacks en iis yn de kiosk. Snein leit de stoarmbaan wer yn it djippe bad. Eastereiners ek fan herten wolkom yn De Klomp!

It takes two


%d bloggers liken dit: