Kommende sneon 22 juni kin elts sich wér opjaan foar de ferskate aktiviteiten tidens de Eastereiner feesten. Fanôf 19.00 oant 20.00 is der gelegenheid yn de Skoalleseize foar opjefte foar it foljebal, keatsen, klaverjassen, jeu de boule, optocht en de pubkwis. Men moat lid wéze fan de oranjeferiening en betelje by opjefte

Keatsen yn 6 klassenwérûnder in jeugdkategory. Bern die no yn groep 8 sitte meie meidwaan. Ynlis € 3,00

Follybal: De ploech bestiet út 4 spilers. Opjefte per ploech mar yndividueel mei ek mar is ôfhinkelik per opjefte. Betink ek in namme foar dyn ploech. Ynlis € 3,00

Klaverjassen: Yndividueel opjaan. Ynlis € 3,00

Jeu de Boules: Foar alle (folwoeksenen) leafhawwers. Opjefte kin ek fia de jeu de bouleferiening

Pubkwis Opjaan yn groepkes fan 3 oant 6 persoanen. Ynlis is gratis. Opjaan op de jûn sels is ek moglik.

Optocht: Rinnende nummers, lytse en grutte weinen

Nei de opjefte is de bar iepen om mei de oranjeferiening noch in borrel te drinken.

%d bloggers liken dit: