Mei it nûmer ‘Dreamelân’ hawwe Sara Orsele n Lisa Sijbesma SjONG 2019 wûn. Dreamelân is in oersetting fan ‘A million dreams’, in nûmer út de film The Greatest Showman. “Jim brochten it sá moai, jim rekken ús rjocht yn it hert”, sei de sjuery oer harren optreden. Tara van der Meulen en Nynke van der Eems waarden tredde mei ‘Gewoan’, oftewol ‘I would stay’ fan Krezip.

“Fantastysk hoe’t dit duo harren liet brocht, it hiele plaatsje kloppe en de sawol sang (Sara) as it pianospul (Lisa) wiene magysk”, sei sjonger/presintator Tim Douwsma. Tegearre mei Femke de Walle, André Becker en Willem de Vries foarme hy de muzyksjuery fan SjONG 2019.

SjONG is in twajierliks Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand popnûmer. Dêrmei dogge se audysje. Mei in band of as solist. Se begeliede harsels of sjonge op in orkestbân. De bêste dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de finale.

%d bloggers liken dit: