Oan alle ynwenners fan Easterein en bûtengebiet,

Freed 14 juni 19.30 oere is yn Café Bergsma in foarljochtingsbyienkomst oer de oanlis fan it Glêstriednetwurk yn ús gemeente Súdwestfryslân. Doarpsbelang Hald Faesje ropt elkenien op om hjir hinne te gean om jim goed ynformearje te litten.

De digitale snelwei sil yn de takomst fan noch gruttere ynfloed wêze op tal fan ûntwikkelingen dy te meitsjen ha mei wurkgelegenheid, fersjennings, oantreklikheid foar wenjen, rekreaasje, leefberens, sosjale netwurken ensfh. 

Einliks is it no safier dat we de kâns ha, mei alle oare doarpen yn Súdwest, om ek op in finansjeel oantreklike wize de oanlis realisearje te kinnen. Doarpsbelang fynt it fan grut belang dat elkenien goed wit hoe’t it sit en op basis derfan syn kar makket.

Der binne twa partijen, dy’t in oanbod dogge, en de gearwurking tusken dy beide is spitichernoch net bêst. De doarpsbelangen fine dat spitich, mar kinne der op dit stuit fierders neat oan dwaan.

Wol is der besocht sa neutraal mooglik in fergelyk te meitsjen tusken beide. En ek in foarkar oanjûn. Dy ynformaasje stiet yn in dokumint dat jim lêze kinne.

Besjoch de ynformaasje

Wat wy it allerbelangrykste fine is dat jim komme, danwol dat jim de ynformaasje besjen gean. En as bestjoer wolle we graag dat we meielkoar soargje dat we op it netwurk oansletten wurde. Mei it each op de takomst.

Bestjoer Hald Faasje

%d bloggers liken dit: