Bêste doarpsgenoaten,

Hjir wer in update oer ‘Kening op sokken’. At jimme dit lêze, binne wy al ticht op de foarstellings. Wat is der in soad bard en wat in enerzjy sit der yn alle belutsen minsken. De spilers binne ûndertusken ferhúze fan de loads by Tjeerd en Mattie nei de seal yn Bergsma. Se wienen der oan ta, it is wer in stapke tichterby. De muzikanten en koarleden kinne wol dreame oer alle noaten. De froulju dy’t de klean regelje binne hast klear en de dekôrman is drok oan it bouen. Wat docht elts it super!

Fansels krije ek wy enerzjy fan bygelyks de kaartferkeap! De kaarten geane as waarme broadsjes oer de toanbank. Ek snein 2 juny is no al útferkocht! En op it momint fan skriuwen binne der noch in pear kaarten foar de woansdeis. It hat der ta makke dat wy gjin minsken teloarstelle wolle en wy foar in 5e útfiering gean! Op moandei 3 juny om 20.00 oere sil ‘Kening op Sokken’ foar de lêste kear opfierd wurde.

Beskikbere kaarten:

Woansdei 29 maaie 2019 20.00 oere try-out

Moandei 3 juny 2019 20.00 oere foarstelling

Kaarten kinne besteld wurde fia:

info@kfeasterein.nl, Wilma Sjaarda ,0515-851878


As opwaarmerke hâlde wy op 24 maaie om 19.00 oere de badeintsje- race op de Skippersbuorren.
Mei help fan grut materieel en de brânwacht sille 3000 badeintsjes fjochtsje om as earste oer de finish te swimmen. De te winnen prizen ha in totaalwearde fan mear as € 750,00!!!

Komme wy oan de doar foar de ferkeap fan de lotten, hâld jimme dan net yn. We ferkeapje se foar in skerpe priis: € 2,00 per stik, 3 foar € 5,00 en 10 foar € 10,00. En wy rekkenje gjin maksimaal oantal lotten per adres ☺.

As lêste wolle wy alle taskôgers it folgende noch melde. De musical
befynt sich yn’e keatssfearen. De sitplakken binne op echte keatsbanken,

mar de nûmers korrespondearje net mei jimme kaartnûmer. Elts is frij om te sitten wêr at hy/sy wol.

Hâld de site fan KF Easterein, Easterein, Facebook en Twitter yn de gaten foar it lêste nijs.

Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma Sjaarda en Tettje de Boer

%d bloggers liken dit: