Dizze winter hat de jongerein in protte wille belibbe oan de repysjes fan it stik ‘Ronja de Rôversdochter’.  Komplimenten foar alle 18  spilers dy’t sa hurd wurke ha. Elke wike repeteare en ek noch sels knutselje oan dekorstikken.  Der is wer knap wurk ôflevere der’t jimme alle 18 tige grutsk op wêze meie!

Spesjale fermelding fertsjinje Theresia, Ilke en Sjierkje, sy binne elke wike drok dwaande west om dizze grutte ploech jonge hokkelingen te begelieden… En dat is mar wer tige goed slagge!

29 en 30 maart wie it dan einliks sa fier, spylje foar it grutte publyk! De 18  spilers ha dit jier wer geweldich harren bêst dien om foar it publyk in moaie jûn del te setten. Wy kinne jim fertelle dat dit tige slagge is. In geweldich moaie opkomst! Twa kear in seal fol minsken en in protte loovjende reaksjes. Wat is der moai spile en wat seach it der prachtich út.

Theresia hat mei har ‘team’ geweldige kreative ideeën útwurke en mei in pracht resultaat. Ek wolle wy de minsken betankje dy’t ús holpen ha efter de skermen: de bouploech, de smynksters, froulju dy’t holpen ha mei de omballingen, de fotografen, alle stipers en Jellien fan it kafee. It bestjoer is elk tige tankber!

G

%d bloggers liken dit: