Bêste doarpsgenoaten,

Moai nijs oer Kening op Sokken! Yn it foarige nûmer hellen wy de kaartferkeap al oan, mar no is dat konkreet! Fanôf no kinne de kaarten besteld wurde fia:

  • info@kfeasterein.nl
  • Wilma Sjaarda, 0515-851878
  • Noflik Easterein

Foarstellings

De foarstellings binne op:

  • Woansdei 29 maaie 2019 * 20.00 oere * try-out – EUR 10,00
  • Freed 31 maaie 2019 * 20.00 oere * premjêre * UTFERKOCHT
  • Sneon 1 juny 2019 * 20.00 oere *foarstelling * UTFERKOCHT
  • Snein 2 juny 2019 * 16.00 oere foarstelling * EUR 12,50

Wêz der gau by, want ‘wie het eerst komt, die het eerst maalt’!

PR

Wy binne as kommisje no drok dwaande mei de PR. Sa hawwe we ûnder oare de posters klear en dy sille oeral opdûke. It is dúdlik, jim kinne der net mear ûnderút! Sa komme wy stapke foar stapke tichterby it klapstik.

24 maaie: badeintsjerace!

Op 24 maaie 2019 hâlde we in badeintsje-race. Jim kinne in
lotsje keapje foar €2,00 per stik as 3 foar €5,00. It lotsje
korrespondearret mei it nûmer op in badeintsje. Alle badeintsjes
wurde tagelyk yn de Skippersbuorren loslitten en sy meie dan
de trechter yn swimme. Hokker badeintsjes hjir as earste yn
komme, winne prachtige prizen! Fierder meitsje wy hjir in gesellich barren fan mei in hapke en in snapke. Stiet it al yn jim aginda?

Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma Sjaarda en Tettje de Boer

%d bloggers liken dit: