Freddy Scheltema en Pieter de Boer binne op syk nei unieke en bysûndere ferhalen oer konserten fan de Amerikaanske sjonger Bruce Springsteen. Dizze ferhalen sille se bundelje yn in in boek dat Freddy skriuwe sil. It idee is betocht ûnder it genot fan in gléske bier. Bruce Springsteen syn earste konsert yn Nederlân wie op 23 novimber 1973 en dat is takom jier 45 jier lyn. Yn totaal hat Springsteen 25 konserten jûn en fan elk konsert wolle se graach unieke anekdotes fan minsken die der by wiene. Ha jim tips dan kinne jim dat stjoere nei peterhdeboer@gmail.com

%d bloggers liken dit: