Koperensemble Koperguod en Fanfare Wilhelmina fan Easterein sil tegearre in konsert hâlde op sneon 9 maart mei it tema Koperkleuren yn ‘e Gasthuiskerk fan Boalsert. It hichtepunt fan ‘e jûn is de útfiering fan’e ferneamde Schilderijententoonstelling fan Modest Mussorgsky troch Koperguod.

Fanfare Wilhelmina Easterein begjint de jûn ûnder lieding fan interim-dirigent Wilbert Zwier mei in ferskaat programma besteande út bekende muzyk as Lord of the Rings (arr. Johan de Meij) en Les Miserables.

Koperguod spilet dêrnei de wrâldferneamde Schilderijententoonstelling ûnder lieding fan dirigint Andries Kramer. De besetting is foar de gelegenheid útwreide mei ekstra muzikanten. Yn de tige ôfwikseljende 16-dielige komposysje wurde ferskate skilderijen fan de skilder Viktor Hartmann útbylde. Bysûnder is dat dit wurk hast nea folslein útfierd wurdt troch in koperensemble.

It sil in jûn wurde weryn de ferskate lûden/kleuren fan koperynstruminten te belústerjen binne. In oanrieder foar alle leafhawwers fan blaasmuzyk!

Lokaasje, tiid en tagongskaartsjes

It konsert sil plakfine op sneon 9 maart om 20.00 oere yn’e Gasthuiskerk fan Boalsert (Gasthuissingel 33). De seal giet iepen om 19.30 oere.

Kaartsjes kostje € 7,50 yn’e foarferkeap en € 10 oan de kassa. De yngong is fergees foar bern oant mei 12 jier. Kaarten binne yn de foarferkeap beskikber fia de leden of te reservearjen fia de webside fan Wilhelmina Easterein (klik op de link hjirûnder).

Wy hoopje in soad Eastereiners te sjen by dit moaie konsert!

%d bloggers liken dit: