Op freed 21 desimber en sneon 22 desimber oarganisearret jeugdhonk “De Tsjerne” in Krystgala foar de jongerein. Op freed 21 desimber fan 18:30 oant 20:00 is dat foar de bern fan groep 1 oant en mei 6. Dresskoade is read/swart en/of glitter. De tagong foar dizze jûn is € 0,50 sint. Op sneon 22 desimber is der om 20:00 oant 21:30 Krystgala foar de bern fan de groepen 7 en 8 en fan 21:45 oant in oer as 02:00 foar de bern fan de 1e klas f.û. oant en mei 18 jier. Ek op sneon is de tagong € 0,50 en de dresskoade read/swart as glitter. Jim komme dochs ek?

%d bloggers liken dit: