Stern Kok – hy wennet yn Itens én yn Easterein – hat in Gouden Gurbe wûn foar syn rol fan Mad Hatter yn it Berne Iepenloftspul ‘Alice yn Wûnderlân’. Dy Gouden Gurbe foar Jong Talint wie dit jier ekstra. De sjuery bestie út Cilla Geurtsen (foarsitter), Popke van der Zee en Nieske Ketelaar. Sy rikten freed 19 oktober 2018 de bylden út in de stêdsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert.

Yn it sjueryrapport stie:

Mad Hatter – spile troch Stern Kok yn Alice: It wie gelyk in feest at hy opkwaam. Je krigen der “in goed sin’ fan. Hieltyd moai en konsekwint trochspile mei in hearlike kokette wize fan spyljen. In ûnferjitlike gekke hoedemakker. Bliuw asjebleaft toaniel spyljen!

%d bloggers liken dit: