Op freed 2 novimber jout it jeugdkorps de Wilhelmini’s in nijsgjirrich konsert û.l.f. Joke Krist, yn de Túnkeamer fan Noflik te Easterein. It wurdt in jûn mei in muzikaal ferhaal. In lyts stikje fan dit spannende ferhaal kinne jim hjir al lêze. Orkest en de oanwêzigen dogge aktyf mei oan dit ferhaal.

It begjin: Hjerstmearke
As jim troch Easterein fytse richting Hidaard, dan haw je links flak bûten it doarp in moai stikje gers mei wat beamkes en strûkjes. Simmers wurde dêr moaie hutten boud en boartsje in soad bern út it doarp dêr. Dêr steane altyd fytsen en it boartet dêr tige moai.
Mar dan wurdt it kâlder en wurdt it hjerst. De bern boartsje dan wer mear binnen of yn de tún en dan bart der op dit plak hiel wat oars……!
Jûn nimme wy jim mei yn ús Hjerstmearke. In mearke is in ‘sprookje’ mar mei genoch fantasy soe dit samar écht wier wêze kinne. We begjinne by it begjin fan it ferhaal en dat is op freed 2 novimber: It konsert fan de Wilhlmini’s en jim sille ús helpe……
It wurdt al wat skimerich bûten, de blêden litte de takken fan de beamen los en dan…….? Dan hearre we samar muzyk!

Oan dit konsert is ek noch in kleurplaten-wedstriid ferbûn. Der binne op de basisskoalle kleurplaten útdield. In lyts foarbyld stiet hjirfan ôfprinte.
Dizze leuke muzykale kleurplaat kin oant uterlik 31 oktober ynlevere wurde by Greet Bouma (foarhinne Slagerij) oan de Tsjerkebuorren 33 of by Folkje Visser, Koaifinne 4.
Op de jûn fan it konsert wurde der út 2 leeftydsgroepen 2 priiswinners bekend makke. En wat de prizen binne? Dat hâlde we noch even geheim.
Doel fan dizze jûn is om de bern sa jong mooglik en op in leuke manier mei muzyk yn kontakt te bringen. Dêrom begjinne we 19.00 oere oant plm. 20.00 oere.

We sjogge jim graach op freed 2 novimber 19.00 oere yn de Túnkeamer fan Noflik te Easterein.

Jeugdkommisje: Joke Krist, Joke Kolthof, Folkje Visser, Sydrik Kooistra, Durkje van der Eems

%d bloggers liken dit: