Alwer de twadde Ferdivedaasje op freed yn de bibleteek yn Wommels. Op freed 2 novimber fan 16.00 oant 16.30 oere sil skriuwster Wieke de Haan út Mantgum wat fertelle oer de Fryske koekesoarten: Fan Oranjekoeke oant Keallepoat. De yngrediïnten, de foarm, de smaak, bynammen komme foarby en fansels kin der eefkes preaun wurde. Fansels drinke we der in bakje kofje of tee by. Wieke hat it earste Fryske itensierdersboek fan Simke Kloosterman bewurke en skreau ek ‘De nije petiele’ in itensierdersboek mei basisresepten en resepten foar feestlike gelegenheden. Foar bern (4-12 jier) skreau sy it ‘Ytboekje’. Tagong fergees.
%d bloggers liken dit: