Mei de oergong nei de gemeente Súdwest Fryslân wurde de kontainers yn Easterein op oare dagen leech makke as dat we wend binne. Se moatte dus ek op oare dagen by de dyk set wurde. Omrin hellet de smoargens net mear op, Súdwest-Fryslân fersoarget dat sels. Op https://afvalkalender.sudwestfryslan.nl/form kin elkenien syn postkoade ynfolje en dan ferskine de opheldagen yn byld. Yn jannewaris organisearret de gemeente Súdwest Fryslân ek dat de krystbeammen ophelle wurde. Ek dat is te finen yn it oersjoch.

%d bloggers liken dit: