De Rockstieren en Las Bandidas binne de twa bands dyt op 13 maaie optrede sille op Rocknacht Easterein. Rocknacht Easterein wurd no foar de 6de kear organisearre en is ea begûn as in soart fan ôfspraak fan de band Jitizer om nochris op de Wynserdyk lâns te kommen om in optreden te fersoarchje yn de skuorre. Dit is útgroeit ta in tintefeest mei ferassende aktiviteiten. Sa wie dér ferline jier in bierpriuwerij. Wat dér dit jier bijkomt??? hâld de website mar yn de gaten.

%d bloggers liken dit: